Hâld it swimplak kreas

‘t moaie waar is wer oankaam
De sinne skynt, en hoe!
Fuortendaliks ek wer mei ekstreme waarmte en sels koade read.
Gelokkich kinne wy mei-inoar wat ôfkuolling sykje yn de Brek. Dat wurdt ek massaal dien by ’t Swimplak.
In plak dêr’t minsken inoar moetsje, gesellich byprate en bern mei in protte wille boartsje yn it sân en it wetter.
In plak dêr’t ús frijwilligers alle dagen wer in soad tiid en enerzjy yn stekke om alles skjin, feilich en kreas te hâlden foar elkenien.
Spitigernôch is it ek it plak dêr’t in groep jongerein, sa gau as de sinne skynt, der in grutte binde fan makket.
Kapotte glêzen flessen lizze ferspraat oer de stegers, it toiletgebou wurdt smoarch efterlitten, de wc’s wurde folstoppe mei wc-papier en de rest fan it terrein leit fol mei lege ferpakkingen en oar ôffal.
En sa kinne wy noch wol efkes trochgean.
It is spitich dat dit alle dagen wer bart.
Foar ús frijwilligers, dy’t hjir safolle tiid en ynset yn stekke, is it teloarstellend om dit eltse kear wer oan te treffen.
Wy sille mei de gemeente yn petear gean om te sjen hokker maatregels wy nimme kinne.
Mar wy hoopje foaral ek dat âlden dit thús besprekkebaar meitsje mei harren bern.
Mei-inoar kinne wy derfoar soargje dat ’t Swimplak in moai, skjin en feilich plak bliuwt foar elkenien.
Want wa wol no net genietsje fan in skjin en opromme Swimplak?
Ut namme fan de frijwilligers, de Rekreaasjestifting en Doarpsbelang.