Van Oudega naar Kerkrade…: EMM onderweg naar het Wereld Muziek Concours

OUDEGA SWF - Een donderdagavond in juni. Het is half zeven als we ons melden bij It Joo in Oudega (SWF). In de hal van het dorpshuis staat Tineke Brander-Walinga, algemeen bestuurslid van de christelijke muziekvereniging Eendracht Maakt Macht, kortweg EMM, ons al op te wachten. “Sa, moai dat we foar ús repetysje noch even om tafel sitte kinne”, is de eerste reactie van Tineke. Amper vijf minuten later schuift ook Fokkelina Dijkstra, voorzitter van EMM, aan. Het muzikale duo praat over iets groots voor hun kleine vereniging: deelname aan het Wereld Muziek Concours (WMC) in Kerkrade op zondag 19 juli.
“It is sa bysûnder dat ús lytse doarp dit foar elkoar krijt”, zegt Tineke Brander stralend. “Wy hawwe mar 700 ynwenners, Dat we al jierren op sa’n heech nivo spylje, en dat is de earste difyzje, is in unike prestaasje!” Fokkelina Dijkstra knikt instemmend: “Wy wurkje nei dit momint ta, mei jong en âld. Fanfarekorps EMM hat in sterke basisbesetting en de oantrekkingskrêft foar de regio is grut. Elk nij lid dat oanskoot, en dat jildt ek foar ús jeugd dy’t trochgroeit, kommittearret himsels al gau oan de oanpak fan de feriening en wurdt rap ûnderdiel fan it gehiel.”
Unieke klankkleur
De drie stukken die EMM. in Kerkrade op het WMC zal spelen, vormen het hart van hun voorbereiding. ‘Glorious Valor’ van Martin Oostra en ‘EleMentuM’ van de Oostenrijkse componist Thomas Doss zijn speciaal voor EMM geschreven. Beide stukken spelen zich af in de omgeving van het dorp. De componisten proberen beelden uit de natuur, het water en het leven rondom Oudega te vertalen naar prachtige unieke klankkleuren. Een sterk wapen van het korps. Het andere stuk ‘Apatheia’ van componist Kevin Houben zal door alle zeventien deelnemende orkesten worden uitgevoerd.
Tineke legt uit: “It giet net allinne oer de noaten, mar dus ek oer klankkleur en alles wat der fierder bij komt. We dogge it echt mei elkoar as korps. Ik fyn it prachtich om te sjen hoe’t elkenien der mei dwaande is, fan de jongste jeugd oant de âldste leden ta. It jout in soad wille en tefredenheid.”
Puzzel
Elke repetitieavond is een stap, richting Kerkrade. “Yn dizze fase repeteart ús dirigent Jaap Musschenga foarôfgeand oan’e repetysje ek mei ien fan’e seksjes om echt te wurkjen oan’e details”, vertelt Fokkelina. “Dan sit elke groep apart mei de dirigint. Wy wurkje dan yn lytse groepkes oan technyk, klank, en frasearing. Nei in koarte pauze komt it folsleine orkest byinoar. Elk stik wurdt útplúst oant it perfekt klinkt.”
Tineke vult aan: “It is as in lêste puzzelstikje yn elts stik, elke repetysje bringt ús tichter by it doel. Ik kin genietsje fan elk momint. It hiele proses, der mei mekoar nei ta libje, is foar my wêr’t it muzykmeitsjen om draait. De wei der nei ta.”
Het hoogste podium voor amateurs
Het WMC is voor EMM een uniek podium. “It is it heechste poadium foar amateurmuzyk”, zegt Fokkelina. “De spanning is der, mar it is ek in ûnferjitlik momint foar ús allegearre. Wy kinne no in moanne foar dat it safier is, amper wachtsje om ús muzyk mei it publyk te dielen.” Tineke knikt: “It WMC jout ús in ûnfoarstelbere ynspiraasje; it fiert ús en motivearret ús geweldich. En foar de jeugd is it in learsum en prachtich momint om nei ta te groeien.”
De voorbereiding gaat verder dan techniek. Fokkelina: “Wy hawwe ek in soad fokus op it publyk en op presintaasje. Elk diel fan it optreden moat klopje, fan de earste noat oant en mei it ein. Wy hawwe de kommende wiken ekstra repetisyjes foar it folsleine orkest, en soms ekstra seksjerepetysjes. Ek foar Jaap is it WMC-poadium in hiele útdaging. It is oars in hiele fijne gearwurking mei dizze dirigent!”
Het ‘EMM-virus’
Tineke: “Ik sjoch hoe’t de leden inoar stypje en inoar oanmoedigje, en dat makket de sfear hiel bysûnder. De jeugd sit yn’t skoft en nei de repetysje ek bij mekoar oan tafel. Ik fyn it geweldich dat se sa leare en groeie mei elke repetysje. It binne echte trochsetters. De latte leit heech. Elke dei minimaal in healoere oefenje, hè!” Fokkelina voegt toe: “It doel is dat se mei fertrouwen op it poadium stean yn Kerkrade.”
Naast het muzikale streven, ademt EMM ook gezelligheid. “It giet net allinne om muzyk, mar ek om de mienskip”, zegt Fokkelina. “Wy hawwe in waarm plak mei in sterke bân tusken leden fan alle leeftiden; it ‘EMM-firus’, ik leau dat it dat is. Alles draacht by oan it gefoel fan gearhing en mei mekoar dwaan.”
Het enthousiasme van de leden werkt aanstekelijk. Tineke: “Wy sjogge elkenien harren bêst dwaan, en dat makket ús sterk. Elk momint dat wy mei elkoar oefenje, wurdt in ûnferjitlik momint, en dat jout ús de moed en enerzjy om troch te gean, sels nei al dy oeren fan oefenjen.”
Fokkelina glimlacht: “It is net allinne in wedstriid, mar in ûnferjitlike ûnderfining foar elk lid. It WMC ynspirearret ús allegear. Echt!”
Uitzwaairepetitie
Op weg naar Kerkrade geeft EMM op donderdag 16 juli om 20.15 uur een ‘uitzwaairepetitie’. Publiek is hierbij van harte welkom!
Tekst: Henk van der Veer